Warkum krijt City Shuttle

augustus 1, 2018 10:20

Warkum krijt in City Shuttle. De shuttle ferfiert toeristen yn Warkum op in miljeufreonlike en lûdsearme wize. De shuttle sil breder ynset wurde kinne as it treintsje dat sûnt 2011 troch Warkum rydt. Foar de City Shuttle Warkum ûntfangt stichting Tourist Information Warkum € 13.549,18 út it Iepen Mienskipsfûns.

Foto: Wikimedia Commons

Fan it âlde treintsje wurdt goed gebrûk makke, mar dat is driuwend oan ferfanging ta. Mei de City Shuttle Warkum krije passazjiers de mooglikheid om op miljeufreonlike wize gruttere ôfstannen ôf te lizzen. Lokaasjes binne dêrtroch goed mei-inoar ferbûn. De City Shuttle is net allinnich foar toeristen. Ek Warkumers, minder falide minsken en forinzen kinne de shuttle brûke.

De City Shuttle Warkum is ien fan de 25 projekten yn de regio Súdwest-Fryslân dy’t subsydzje krijt út it Iepen Mienskipsfûns (IMF). Dy projekten soargje mei-inoar foar in ynvestearring fan goed 1,4 miljoen euro yn de leefberheid fan de regio.

Fan 17 septimber oant en mei 12 oktober kinne inisjatyfrike Friezen wer subsydzje oanfreegje út it IMF. Betingst is in goed projektidee foar it ferbetterjen fan de leefberheid yn wyk, doarp of stêd. Sjoch foar mear ynformaasje oer it IMF en it oanfreegjen fan subsydzje op www.streekwurk.frl/imf.

 

augustus 1, 2018 10:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.