Waarpraatsje: twa frisse dagen

augustus 29, 2018 19:32

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei noch in hiel kreaze dei en de rein liet lang op him wachtsje. Tongersdei en freed binne koel, mar yn it wykein wurdt it wer waarmer.

Yn ’e nacht fan woansdei op tongersdei is de loft berûn en kin it sa út en troch wat reine. Letter is in bui ek net útsletten. De wyn komt út it noardwesten en is swak oant matich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet wat mear wyn. It wurdt 13 graden.

Tongersdei is de loft berûn, mar it bliuwt, sa goed as, drûch. We sjogge de sinne net al te folle. De wyn komt op ’e nij út it noardwesten en is swak oant matich. It wurdt 18 graden.

Freed feroaret der net folle oan it waar. Der is wat mear sinne, it bliuwt drûch en de temperatuer leit ek dan krekt ûnder de 20 graden.

Fan sneon ôf wurdt it stadichoan waarmer. Der stiet in neisimmerske perioade oan te kommen.

Jan Brinksma

augustus 29, 2018 19:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.