Waarpraatsje: tongersdei noch frij waarm

augustus 22, 2018 19:29

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei twa kreaze en waarme simmerdagen is it ek tongersdei noch frij waarm. Fan freed ôf wurdt it tydlik in hiel stik koeler.

Yn ’e nacht fan woansdei op tongersdei is it earst frij helder en kin der op guon plakken damp ûntstean. Letter yn ’e nacht is wat bewolking net hielendal útsletten. De swakke wyn komt út it súdwesten en it wurdt 15 graden.

Tongersdei rekket de loft hieltyd mear berûn en yn ’e rin fan ’e dei is der kâns op rein. De wyn giet nei it westen en is earst swak oant matich, letter hellet de wyn wat oan. It wurdt tusken de 20 en 23 graden.

Fan freed ôf bliuwt de temperatuer in pear dagen ûnder de 20 graden. Boppedat is der kâns op delslach.

Jan Brinksma

augustus 22, 2018 19:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.