Waarpraatsje: snein waarmer

augustus 11, 2018 18:40

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Freedtejûn en yn de nacht fan freed op sneon binne der flinke buien fallen mei op guon plakken hiel wat wetter. Sneon wie in kreaze dei mar wol mei in pûster wyn.

Yn ’e nacht fan sneon op snein is it earst helder, mar geandewei rekket de loft berûn. Yn ’e rin fan ’e nacht kin it wat reine. De swakke wyn komt út ferskate rjochtingen, letter wurdt de wyn súd oant súdeast en hellet er wat oan. It wurdt 10 graden.

Snein is de loft meast berûn, mar in glimp fan de sinne is net útsletten. De matige wyn komt út it suden oant súdwesten. It wurdt tusken de 20 en 25 graden.

Moandei is der kâns op delslach fan betsjutting.

Jan Brinksma

augustus 11, 2018 18:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.