Waarpraatsje: rûzige freedtejûn, ridlike sneon

augustus 10, 2018 19:59

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It stabile simmerwaar hat plak makke foar ritich waar. Freedtejûn binne der wer flinke buien mei kâns op wynstjitten. Yn it wykein wurdt it wat better.

Yn ’e rin fan freedtejûn is der kâns op in tongerbui mei (swiere) wynstjitten. De wyn komt út it súdwesten en is meast matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar hurd oant stoarmich. Yn ’e nacht giet de wyn nei it westen en jout er him stadichoan wer del. It wurdt 12 graden.

Sneon is der sa út en troch bewolking, mar de sinne lit him grif ek sjen. In (tonger)bui is net hielendal útsletten. De wyn komt út it westen en is meast matich. By de kust lâns stiet wat mear wyn. It wurdt om de 20 graden hinne.

Fan snein ôf wurdt it wer wat waarmer, mar it bliuwt in bytsje ritich.

Jan Brinksma

augustus 10, 2018 19:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.