Waarpraatsje: ritich en fris wykein

augustus 24, 2018 18:58

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in freed mei temperaturen ûnder de 20 graden en in soad wyn sil it ek yn it wykein ritich en frij kâld wêze.

Yn ’e nacht fan freed op sneon is de loft berûn en falle der buien, miskien wol mei tonger. De wyn komt út it súdwesten oant westen en is matich. By de kust lâns is de wyn noardwest en frij krêftich oant krêftich. It wurdt 12 graden.

Sneon wikselje bewolking en sinne inoar ôf. Boppedat falle der buien, miskien wol mei tonger en hagel. De matige wyn komt út it westen oant noardwesten. By de kust lâns stiet mear wyn. It wurdt net folle waarmer as 17 graden.

Snein wurdt it allegear in bytsje rêstiger, mar it bliuwt, nei alle gedachten, noch net hielendal drûch. Wol wurdt it in bytsje waarmer en stiet der wat minder wyn.

Nei it wykein knapt it waar wer wat op.

Jan Brinksma

augustus 24, 2018 18:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.