Waarpraatsje: net folle sinne

augustus 19, 2018 23:05

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Der wie snein hast gjin sinne te sjen en dat sil moandei ek sa wêze.

Yn ’e nacht fan snein op moandei is de loft berûn en kin der sa út en troch in bytsje reinwetter falle. De swakke oant matige wyn komt út it súdwesten. It wurdt 16 graden.

Moandei is de loft ek meast berûn. It kin op ’e nij sa út en troch in hiel lyts bytsje reine. De wyn komt út it westen oant noardwesten en is matich. It wurdt om de 20 graden hinne.

De oare dagen fan ’e wike bliuwt it in bytsje ritich mar noch hieltyd frij waarm.

Jan Brinksma

augustus 19, 2018 23:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.