Waarpraatsje: moandei delslach

augustus 12, 2018 19:00 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in waarme snein mei in meast berûne loft, krije we moandei delslach, miskien wol fan betsjutting.

Yn ’e nacht fan snein op moandei is de loft berûn en kin it letter wat reine. De swakke oant matige wyn komt út it suden oant súdeasten. It wurdt sechtjin graden.

Moandei is de loft meast berûn en kin it op guon plakken sa út en troch wat reine. Yn ’e middei sil de sinne ek te sjen wêze, mar in flinke (tonger)bui is net útsletten. De matige wyn giet nei it súdwesten. By de kust lâns stiet wat mear wyn. It wurdt om de 20 graden hinne.

Nei moandei bliuwt it in bytsje ritich mar wol oan de waarme kant.

Jan Brinksma

augustus 12, 2018 19:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.