Waarpraatsje: kreaze tiisdei

augustus 27, 2018 19:42

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in wat hjerstige moandei sil it tiisdei kreas waar wêze. It wurdt ek wer in bytsje waarmer.

Yn ’e nacht fan moandei op tiisdei wikselje bewolking en in pear opklearringen inoar ôf. Op guon plakken kin wat damp úntstean. De wyn komt út it súdwesten en is swak oant matich. It wurdt 11 graden.

Tiisdei is de loft foar in grut part berûn, mar geandewei de dei sil de sinne hieltyd mear skine. De swakke oant matige wyn komt út it súdwesten. Yn ’e rin fan de dei jout de wyn him wat del en komt dan út ferskate rjochtingen. It wurdt goed 20 graden.

Op woansdei sil it op ’e nij ritich wêze en is der kâns op delslach.

Jan Brinksma

augustus 27, 2018 19:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.