Waarpraatsje: kreas wykein

augustus 31, 2018 17:55

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in moaie freed krije wy ek in kreas wykein. De nacht fan freed op sneon is kâld.

Yn ’e nacht fan freed op sneon is it helder en kin op guon plakken wat damp úntstean. Der stiet hast gjin wyn en it wurdt mei in graad as 6 in hiel frisse nacht.

Sneon lit de sinne him goed sjen, mar geandewei de dei binne der wol hingelwolken. De noardeastewyn is swak oant matich. It wurdt 20 graden.

Snein feroaret der net folle oan it waar. De sinne skynt flink, der stiet net folle wyn en it wurdt goed 20 graden. Delslach wurdt dit wykein net ferwachte.

Takomme wike bliuwt it rêstich neisimmerwaar mei sinne mar ek bewolking. It wurdt stadichoan noch in bytsje waarmer.

Jan Brinksma

 

augustus 31, 2018 17:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.