Waarpraatsje: jûn en fannacht stoarmich

augustus 9, 2018 19:09

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreas begjin foelen der letter op tongersdei rûnom yn Fryslân flinke (tonger)buien. Jûn en fannacht wurdt it rûzich.

Yn ’e rin fan ’e jûn giet de wyn nei it westen oant noardwesten en wurdt er frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns hurd oant stoarmich. Boppedat is der kâns op swiere wynstjitten. Yn ’e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn en kinne der noch wat buien falle. Der stiet noch altyd in soad wyn út it westen. Geandewei de nacht jout de wyn him wat del. It wurdt 12 graden.

Freed wikselje bewolking en sinne inoar ôf. Der kinne op ’e nij in pear (tonger)buien falle. De wyn komt út it súdwesten en is meast matich. By de kust lâns stiet wat mear wyn. It wurdt om de 20 graden hinne.

Yn it wykein wurdt it rêstiger en stadichoan ek wer wat waarmer.

Jan Brinksma

augustus 9, 2018 19:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.