Waarpraatsje: gewoan simmerwaar

augustus 26, 2018 18:52

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in frisse sneon mei in soad buien en in kreaze snein, bliuwt it foarearst wat ritich.

Yn ’e nacht fan snein op moandei is de loft berûn en falt der in skoft rein. De matige wyn komt út it súdwesten. By de kust lâns stiet in stik mear wyn. It wurdt 14 graden.

Moandei is de loft berûn mar letter op ’e dei sil de sinne grif ek noch te sjen wêze. Yn ’e middei is in bytsje rein of in buike net hielendal útsletten. De wyn giet fan súdwest nei west en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 19 graden.

Nei moandei is it gewoan simmerwaar, in bytsje ritich en net al te waarm.

Jan Brinksma

augustus 26, 2018 18:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.