Waarpraatsje: frisse freed

augustus 23, 2018 19:10

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De loft wie tongersdei berûn, mar it wie noch wol frij waarm. Freed, sneon en snein komt de temperatuer net boppe de 20 graden.

Yn ’e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn en kin it sa út en troch wat reine. De wyn komt út it westen en is matich. It wurdt 14 graden.

Freed is de loft ek berûn mar de sinne sil sa út en troch ek te sjen wêze. Der kinne wat buien falle, miskien wol mei tonger. Letter op ’e dei is der kâns op in flinke (tonger)bui. De wyn komt op ’e nij út it westen en is matich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet mear wyn. It wurdt net folle waarmer as 18 graden.

Yn it wykein bliuwt it koel en ritich.

Jan Brinksma

augustus 23, 2018 19:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.