Waarpraatsje: frij waarm

augustus 20, 2018 18:48

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel wol kreaze moandei wurdt it tiisdei en woansdei op ’e nij frij waarm simmerwaar.

Yn ’e nacht fan moandei op tiisdei wikselje opklearringen en bewolking inoar ôf. Op guon plakken kin wat damp ûntstean. De swakke wyn komt út ferskate rjochtingen. It wurdt om de 12 graden hinne.

Tiisdei is de loft berûn, mar de sinne sil grif ek te sjen wêze. De swakke wyn komt út ferskate rjochtingen. It wurdt tusken de 20 en 23 graden.

Woansdei wurdt it noch in bytsje waarmer en ek dan is der neist bewolking sa út en troch sinneskyn. It bliuwt op beide dagen, sa goed as, drûch.

Fan tongersdei ôf wurdt it stadichoan minder waarm. Boppedat nimt de kâns op delslach ta.

Jan Brinksma

augustus 20, 2018 18:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.