Van der Weijden swimt troch nei swiere nacht

augustus 19, 2018 08:45

Maarten van der Weijden hat in swiere nacht efter de rêch. Underweis nei Warkum hat er sa’n trije oeren útrêst. Om 07.00 oere hinne is er fierdergien mei syn Alvestêdetocht.

foto: Omrop Fryslân

De langeôfstânsswimmer hat in protte lêst fan pine, liet er ôfrûne nacht al witte. Nei eigen sizzen is syn spierkrêft fuort. It foarútsjoch fan nochris 120 kilometer swimmen nei Ljouwert motivearret ek net. Gefolch fan de oeren rêst wie dat Van der Weijden 3,4 oere letter as plend yn Warkum oankaam. De ferwachting is dan ek dat er om 12.00 oere sneintemiddei oankomt by de folgjende halte fan syn Alvestêdeswimtocht: Boalsert.

Om 02.00 oere kaam Van der Weijden yn Hylpen oan, doe noch in healoere efter op skema. Nettsjinsteande it lette tiidstip stiene brêgen en kaaien fol mei entûsjast publyk. “Tankewol Hylpen”, sei Van der Weijden doe’t er in grutte sjek yn ûntfangst naam foar it Kankerfûns. Fuortendaliks dêrnei swom er fierder yn de rjochting fan Warkum.

Fjouwer oeren earder wie er yn Starum oankommen. Fan de wâl ôf klonk toeterjen, oanmoedigings en sjongen: “Maarten bedankt, Maarten bedankt!” Sneontemiddei swom er troch de tredde stêd: Sleat. De heale stêd wie útrûn om – in doe noch fris eagjendje – Van der Weijden te ûntheljen. Under wa syn frou Daisy en twa dochterkes. Yn Drylts, dat Van der Weijden om 11.00 oere as twadde stêd oandie, wie de stipe ek grut. Under oare syn mem en swimkampioenen Ferry Weertman en Ranomi Kromowidjojo stiene him dêr op te wachtsjen.

Om 04.30 oere sprong er sneontemoarn yn Ljouwert it wetter yn. Ofsjoen fan de mominten wêrop’t er fan wetterwei nei wetterwei takele wurdt of mooglik de eagen efkes tichtdocht, leit de langeôfstânsswimmer oant moandeitejûn yn it Fryske wetter. Om 19.45 oere dy jûn komt Van der Weijden, as alles goed ferrint, werom yn Ljouwert.

augustus 19, 2018 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.