Van der Weijden begûn oan syn Tocht der Tochten

augustus 18, 2018 09:36

Negatyf advys of net, Maarten van der Weijden is sneontemoarn úteinset mei syn Swimtocht der Swimtochten. Om 4.30 oere sprong de Olympysk kampioen fan 2008 yn Ljouwert it wetter yn.

Maarten van der Weijden (foto: Mar-athon Snits)

Van der Weijden komt dêr foarearst net mear út. Ofsjoen fan de mominten dat er fan wetterwei nei wetterwei teakele wurde sil, of mooglik efkes de eagen tichtdocht, leit de langeôfstânsswimmer oant moandeitejûn yn it Fryske wetter. Om 19.45 oere komt er as alles goed ferrint werom yn Ljouwert.

De 37-jierrige Van der Weijden hat der dan in tocht fan sa’n twahûndert kilometer op sitten, yn wetter dat neffens de organisaasje fan it evenemint en de Feiligensregio Fryslân te min fan kwaliteit is fanwege de oanwêzigens fan de E. koli-baktearje. Hja riede oan om net te swimmen.

Van der Weijden sloech dat advys yn ’e wyn. Doel fan de tocht is safolle mooglik jild op te heljen foar kankerûndersyk en hy seit leaver in búkgryp op te rinnen as de kankerpasjinten yn ’e steek te litten. It idee wie dat rekreanten yn ruil foar in sponsorbydrage yn de alve stêden in stik meiswimme koene. Hast tûzen minsken hiene har dêrfoar oanmeld. Mar troch de E. koli-baktearje waard ek har oanret om net it wetter yn te gean.

augustus 18, 2018 09:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.