Turken en Marokkanen wolle gjin organen ôfstean

augustus 25, 2018 00:25

Turken en Marokkanen dy’t yn Nederlân wenje, wolle nei harren dea gjin organen ôfstean. Fan de mear as tachtichtûzen minsken mei in Marokkaanske eftergrûn dy’t yn it donorregister steane, wol 95 persint net dat der nei it ferstjerren parten fan it lichem nei pasjinten ta geane. Fan de 54 tûzen Turken wol 85 persint gjin organen ôfstean. Fan alle minsken yn it donorregister jout mar 28 persint oan gjin organen donearje te wollen.

Dat docht bliken út ûndersyk fan it CBS. It grutte ferskil tusken Marokkanen en Turken oan ‘e iene kant en Nederlanners oan ‘e oare kant, is neffens Leonieke Schouwenburg fan de organisaasje DonorDialoog “een paniekreactie”. Dat seit hja yn Trouw. Frou Schouwenburg seit dat in protte moslims tinke dat harren religy donaasje ferbiedt. DonorDialoog wol dêr wat oan dwaan, ûnder oaren troch derop te wizen dat hja oare moslims helpe kinne troch ja te sizzen tsjin orgaandonaasje. Guon imams sizze yn ‘e moskee dat orgaandonaasje ferbean is, meastal omdat der in kâns is dat de organen yn it lichem fan in net-moslim bedarje. In lytse groep imams is fan betinken dat it lichem net skeind wurde mei. Earder dit jier waard der ûnder moslims yn Nederlân in kjettingbrief ferstjoerd mei in oprop om registrearje te litten dat hja gjin donor wêze wollle.

Yn 2020 wurdt elkenien dy’t net fêstlizze litten hat wat er wol, automatysk orgaandonor. Fan Marokkanen en Turken hat mar in lytse minderheid dat dien, meastal trochdat hja it Nederlânsk net goed behearskje of net witte fan de nije wet.

augustus 25, 2018 00:25
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. HJW augustus 25, 20:07

    Ik nim oan dat se dan ek gjin organen fan oare minsken ha wolle

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.