Túnsintra ferwachtsje mear te ferkeapjen nei drûge simmer

augustus 30, 2018 09:05

Mei de hjitteweach ôfrûne simmer seagen túnsintra en hofkers de klandyzje ynsakjen mei wol fyftich persint. No is it neffens harren tiid foar konsuminten om de skea yn ’e tún op te nimmen en eventueel deade planten en strûken te ferfangen.

Foto: pixabay.com

Ekolooch Wieger Wameling fan de Wageningen Universiteit is net echt pessimistysk. Yn it NOS Radio 1 sjoernaal sei er: “Wat ik sjoch is dat it tige tafalt mei wat der oan planten en strûken deagien is yn ’e tunen. Ik tink dat it tafalt. Al binne der fansels wol beammen dy’t bot lêst hân ha fan dy enoarme drûchte.”

Neffens Wamelink tinke minsken te gau: ‘O, dy strûk is dea, fuort dermei.’ “Mar ik garandearje jo, de measte strûken rinne aanst as it wer reine sil gewoan wer út. Al kin it yn it slimste gefal wol in healjier duorje foar’t bygelyks in brún wurden buksus der wer moai útsjocht.”

Mei de hjitteweach ferkochten túnsintra foaral parasols, barbecues en swimbaden. De ferkeap fan fêste planten en strûken by túnsintrum Intratuin rûn de omset mei sa’n 25, 30 persint flink tebek. No’t it koeler wurden is, ferwachtet it túnsintrum dat yn te heljen. Foaral op sângrûnen hawwe strûken en strewellen klappen krigen. Op klaaigrûn en feangrûn is dat in stik minder.

augustus 30, 2018 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.