Tsjin de hûnderttûzen minsken fernuverje har oer De Reuzen

augustus 18, 2018 07:46

De earste dei fan it Ljouwerter reuzespektakel is troch goed 95.000 minsken oanskôge. It ferrûn allegear sûnder mankearjen. De minsken genieten fan de metershege gefaarten dy’t yn ferskillende rûten troch de stêd rûnen.

It begûn goed tsien oere mei it wekker wurden fan it Lytse Reuzefamke foar it stasjon. De hûn Xolo lei by har op ’e skurte. Nei’t se har dûst hie en oanklaaid wie rûn se mei de hûn de stêd yn.

Har heit, de Dûker, waard om alve oere hinne út it wetter hyst. Mei help fan in grutte kraan en fjirtich begelieders makke dy alve meter hege reus ek in kuier troch de stêd.

Om ien oere hinne joech it famke har foar in middeisknipperke del by it gynmasium oan de Noarderwei.
Har heit die dat op it Aldehoustertsjerkhôf.

Doe mocht syn grutte helm ôf, sadat syn wiere antlit te sjen wie.

De middeis binne se fierder kuiere – en dat dogge se sneon en snein ek wer. Dan kin wer geniete wurde fan de akrobatyske toeren en de bypassende live-muzyk, allegear betocht troch Jean-Luc Courcoult .

De belangstelling foar it spektakel wie boppe ferwachting grut. Ekstra lange treinen brochten de nijsgjirrige minsken oeral wei nei Ljouwert ta. Dat joech in enoarme drokte op de perrons. De ynset fan de NS en Arriva wie maksimaal, mar it ferrûn allegear nei folle tefredenheid. Datselde jildt foar it opheinen fan de minsken dy’t mei eigen ferfier nei Ljouwert rieden. Op grutte parkearterreinen oan de rânen fan de stêd koene se de auto kwyt. Mei bussen dy’t ôf- en oanrieden kamen se noflik teplak.

It leit yn ’e reden dat de belangstelling op sneon en snein noch folle grutter wêze sil. Dat de organisaasje fan it gehiel perfekt is mei bliken dwaan út: De Reuzen fan Royal de Luxe yn Ljouwert, it berjocht dat wy ferline wike publisearren.
Alle ynformaasje oer De Reuzen, de berikberheid en de ferskillende rûten, stiet hjirre.

Foto’s © LF2018

augustus 18, 2018 07:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.