‘The King’ Elvis Presley op 16 augustus by Kinepolis op grut skerm

augustus 8, 2018 07:25

Kinepolis bringt Elvis Presley op tongersdei 16 augustus werom nei it wite doek. Nei oanlieding fan de fyftichste jierdei fan de Elvis ’68 Comeback Special, is de legindaryske telefyzje-special foar ien kear te bewûnderjen yn ’e bioskoop.

Ofbylding: Kinepolis

De ikoanyske Elvis ’68 Comeback Special, dy’t op 3 desimber 1968 op telefyzje útstjoerd waard, is yn ’e bioskoop te belibjen. Op it wite doek en mei it bêste byld en lûd makket de útstjoering mear yndruk as ea. Presley skitteret yn de telefyzje-útstjoering dy’t syn weromkomst as live-artyst markearre, en foar in trochstart fan syn sjongkarriêre soarge.

De jierdeisedysje fan Elvis ’68 Comeback Special befettet net allinnich de telefyzje-útstjoering, mar ek in eksklusive blik op it meitsjen derfan, mei deskundige útlis oer it lûd en kommentaar fan produsint Steve Binder en Priscilla Presley. De ferkeap foar Elvis ’68 Comeback Special is al úteinset.

Whitney Houston
Muzykleafhawwers kinne op tongersdei 10 augustus by Kinepolis de dokumintêre Whitney sjen. Besikers fan dy yndrukwekkende film meitsje ek nochris kâns op 3 x 2 kaarten foar it útferkochte Whitney-konsert fan Glennis Grace op 7 oktober yn AFAS Live.

Praktyske ynformaasje:

  • Elvis: ‘68 Comeback Special 50th Anniversary
  • 16 augustus 2018
  • Spyldoer: 110 minuten
  • Kaarten: € 13,50
  • Te sjen yn: Almere, Breda, Den Bosch, Den Helder, Dordrecht, Emmen, Ynskedee, Grins, Hoofddorp, Huizen, Utert, Oss, Rotterdam, Schagen, Zoetermeer

Sjoch op www.kinepolis.nl foar mear ynformaasje.

Film ek yn Drachten te sjen
NB: Op woansdei 22 augustus om 20.30 oere wurdt de Elvis ’68 Comeback Special fertoand yn de Bios yn Drachten. Sjoch ek op de webside fan de Bios.

augustus 8, 2018 07:25
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Thirza Mulder augustus 10, 16:58

    Goedemiddag redactie,

    Op Facebook en uw website zag ik een bericht voorbij komen van de Elvis voorstelling. Is het mogelijk dat jullie onze vertoning ook meenemen? In De Bios Drachten hebben wij de voorstelling van Elvis namelijk ook geprogrammeerd, alleen dan op woensdag 22 augustus om 20.30 uur. Voor meer informatie over onze vertoning verwijs ik graag naar onze website: https://www.biosdrachten.nl/movies/535/17/concert_elvis_-_68_comeback_special

    In afwachting van uw reactie.

    Groeten,
    Thirza Mulder-Jager
    De Bios Drachten

  2. Redaksje It Nijs augustus 11, 16:10

    De fertoaning yn Drachten stiet derby! Tankewol foar it trochjaan!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.