Tekoart oan hea troch oanhâldende drûchte

augustus 9, 2018 08:17

Foto: pixabay.com

Feehâlders en hynste-eigners kampe mei in tekoart oan hea. Troch de oanhâldende drûchte yn de ôfrûne tiid groeit it gers hast net en binne gersfjilden fertoarre. Guon boeren hawwe harren winterfoarrieden al oansprekke moatten om de bisten by te fuorjen. Ut it bûtenlân wei de heafoarrie oanfolje is problematysk. Om’t ferskate Europeeske lannen lêst hawwe fan de drûchte, is de fraach nei hea yn hiel Europa grut. Yn Sweden wurde sels heapakken fan it lân ôf stellen.

Troch de drûchte is de priis fan it drûge gers flink omheechgien. It Dútske wykblêd Der Spiegel skriuwt dat de hannel yn hea ûnderwilens te ferlykjen is mei de hannel yn goud. Rein liket de iennige oplossing fan it probleem te wêzen, mar dy oplossing sil net fuortdaliks effekt hawwe. Nei de earste drippen duorret it in pear wike foar’t it gers wer groeie sil. Faaks kin it earste gers dan pas yn ’e hjerst meand wurde. Nei alle gedachten sille de problemen dêrom noch wol efkes oanhâlde. Fierder drûget it gers minder fluch yn ’e wiete, tsjustere hjerst, wat gefolgen ha kin foar de kwaliteit fan it hea.

augustus 9, 2018 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.