Sybren Singelsma: net-kontrolearre formaasje, hege politike priis

augustus 23, 2018 19:16

Kollum

Nederlân hat in mearpartijesysteem. Hoewol’t it yn teory mooglik is, hat noch nea ien partij de absolute mearderheid behelle en hielendal selsstannich in regear foarmje kinnen. It hawwe altyd koälysjes fan mear as ien partij west. Yn in proses fan (yn)formaasje wurdt besjoen oft der yn de ferkiezingprogramma’s dy’t ynset fan de ferkiezingen west hawwe, foldwaande punten fan oerienstimming binne om in stabyl kabinet te foarmjen. Foar alle wissichheid wurde de punten fan oerienstimming fêstlein yn in regearakkoart en foar ynstimming yn it parlemint brocht, omdat in nij regear earst funksjonearje kin as it parlemint syn fertrouwen jûn hat. Hoe’t it formaasjeproses ferrinne moat is mear in kwestje fan polityk gebrûk as fan steatsrjocht. De efterlizzende filosofy is wol dat op yndirekte wize it regearakkoart it resultaat fan de ferkiezingsútslach wjerspegelje moat. Geande in formaasje kin alles bepraat wurde.

Ferkiezingsprogramma’s kinne net de takomst foarsizze, op nije útdagingen moat ek yngien wurde. It ôfskaffen fan de dividindbelesting stie yn net ien fan de ferkiezingsprogramma’s, mar wie neffens de VVD urgint fanwegen it besykjen om AKZO oer te nimmen en it driigjende ferhúzjen nei it bûtenlân fan it haadkantoar fan Unilever. In urginsje dy’t beklamme is troch twa grutte multinasjonals mei Britske oandielhâlders, Unilever en Shell, en it VNO. Dat is harren goed rjocht, Shell is ek ûnderdiel fan it maatskiplik middenfjild.

Mar it stiket wol.

Troch de frijjûne ynformaasjememo’s witte we no lykwols dat amtenaren fan Ekonomyske en Finansjele Saken de stikken dy’t fan Hans de Boer fan it VNO kamen, bestudearre en analysearre hawwe as wiene it stikken fan politike partijen. Dêr komt dan noch by dat it Ministearje fan Finânsjes ta in hiel oare konklúzje kaam as dat fan Ekonomyske Saken. Mei sa’n ferskillend amtlik advys oer sa’n gefoelich ûnderwerp kin men min ferwachtsje dat der maklik in politike konsensus ûntstiet. Troch it ûnderdiel wêze te litten fan it regearakkoart yn stee fan it op de politike wurklist te setten: ‘it regear sil oan it parlemint in wetsfoarstel foarlizze om de dividindbelesting ôf te skaffen’, hat Rutte derfoar keazen om it ôfskaffen fan de dividindbelesting der sûnder écht parlemintêr debat troch te drukken. As ûnderdiel fan it regearakkoart soe it fuortstimmen fan it dividindfoarstel ommers tagelyk it ôfsjitten west hawwe fan it te beneamen nije regear.

Sa hawwe we no de dividindbelesting ôfskaft sûnder dat de kiezer of it parlemint dêroer kedize kinnen hat. Steatsrjochtlik kin dat, mar foar it foarbygean oan it parlemint soe de premier wol ris in hege politike priis te beteljen krije kinne.

Sybren Singelsma wie oant foar koart Ofdielingshaad by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
Hy skriuwt foar It Nijs op persoanlike titel.
augustus 23, 2018 19:16
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Albert augustus 27, 13:04

    It soe muoi wêze as Segers en de CU harren gewisse en prinsipes ek yn dizze saak ris sprekken litte en it kabinet litte fallen.

  2. Sybren augustus 28, 22:15

    En wat docht us man fan de OSF?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.