Sybren Singelsma: it klimaat falt net te rêden, it rêdt himsels wol!

augustus 31, 2018 07:12

Kollum

Op de legere skoalle learden wy oer it paleosoïkum en it mezosoïkum, oer de iistiden, grutte en lytse, en dat sûnt dy tiid Skandinavië noch hieltyd wat omheechkomt. Koartsein, sûnt it ûnstean fan de ierde wie der altyd wol wat te belibjen. Hoe’t dy dynamyk ûntstie, gie de master net echt op yn. Dat wy dat bytsje wisten wie al moai genôch. Mar dat is al mear as de measte klimaatwittenskippers lykje te witten. As ik de rêders fan it klimaat leauwe mei, wie it oant de yndustriële revolúsje mar in saaie binde yn de natuer en binne de dramatyske ûntwikkelingen begûn mei it útstjitten fan C02.
Inkeld al it feit dat dy stienkoal en oaljeprodukten fan de natuer binne en dy C02 út de atmossfear fuortkomt, soe ús oan it tinken sette moatte.

Sûnt it ûntstean fan de ierde is it klimaat in bjuster goed dynamyisch systeem fan it werferdielen fan de fan de sinne ôfkomstige enerzjy oer de ierdbol. De dynamyske eleminten binne de aktiviteit fan de sinne, ûnregelmjittichheden yn de baan fan de ierde en syn rotaasje, soks neffens de saneamde Milankovitch-parameters. It is opfallend en apart dat dy yn de klimaatdiskusje gjin rol lykje te spyljen; faaks omdat dy net te beynfloedzjen binne?

Dat betsjut allegear dat der fan in tastân fan lykwicht gjin sprake wêze kin: it klimaat feroaret altyd en dat yn tige langduorjende sykly fan tûzenen jierren. Unregelmjichheden yn de enerzjyútstjit fan de sinne, fariaasjes yn de baan fan de ierde om de sinne en yn de rotaasje fan de ierde lykje yn it ferline it klimaat fûneminteel beynfloede te hawwen. No net mear, as we de klimaatwittenskippers leauwe meie. It is de CO2!

Resint ûndersyk suggerearret lykwols dat dy ekstra CO2 foar de natuer gjin probleem is. Oer 200.000 jier is alle troch de minske produsearre CO2 wer absorbearre. Dat is foar de natuer gjin swierrichheid mar in kwesje fan tiid. Mar wol foar de minske, en benammen foar dy’t op seenivo wenje. Salang de siken ynhâlde slagget net.

It is typysk minsklike arrogânsje om te tinken dat wy sokke langetermynprosessen kontrolearje kinne en dat de temperatuer fan de ierde mei in termostaat te regeljen is. Misjoner en kalvinistysk as Nederlan is, mient mannichien dat we as gidslân foarop rinne moatte. Yn dit gefal troch by elkenien de enerzjyrekken ferfjouwerfâldigje te litten troch it gas ôf te sluten en de waarmtepomp ferplicht te meitsjen. Underwilens achtet Donald Trump it krekt in treflik idee dat wy Europeanen oergeane ta it konsumearjen fan mear Amerikaansk gas.

It liket wol oft der in duvelspakt sletten is: links ‘rêdt’ it klimaat, neffens rjochts is dat goed omdat der in protte jild mei fertsjinne wurde kin. Underwilens is de gewoane man de bear.

As in iensume sjoernalist fertwivele weaget te skriuwen dat 49% CO2-reduksje ta in temperatuerferleging fan mar 0.0003° laat, wurdt dat troch klimaatwittenskippers net ûntkend mar wel ôfdien as ûnnoazel gejeuzel. Ymplisyt wurdt soks field as in oanfal op it morele gelyk fan de klimaatideologen. Freegje dus beleaven net wat it opleveret, wat it kostet en wa’t dat betelje moat. En al hielendal net oft der faaks alternativen binne.

It soe ferstanniger wêze om yn stee fan it klimaat te rêden, te ynvestearjen yn it oanpassen fan ús libben oan de klimaatferoaring, dy’t der ûnmiskenber dochs komt.
Wy moatte de yllúzje opjaan dat wy it klimaat beynfloedzje kinne soene, ‘rêde’ yn de eagen fan in protte. Wy moatte akseptearje dat klimaatferoaring fan alle tiden is en dat wy ús gewoan oanpasse moatte.

 

Sybren Singelsma wie oant foar koart Ofdielingshaad by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
Hy skriuwt foar It Nijs op persoanlike titel.

augustus 31, 2018 07:12
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Jensma septimber 3, 16:12

    Beste Sybren,

    Ik ha mei in soad ynteresse jo kollum lêzen. Ik kin my fine yn in hiel soad fan jo wurden. Klimaatferoaring is fan alle tiden en dat hat ûnder oaren mei de Milankovitch-parameters te krijen. De natuer soarget dizze miljoenen jierren wol foar harsels. De fraach is hoe’t wy foar ús sels soargje.

    No ha ik der fierder gjin doel oer, mar oft de minske guod út ‘e grûn helje wat der (miljoenen) jierren sitten hat en je dan nei ferrin fan tiid hegere temperatueren mjitte, bûten de Milankovitch-parameters om, dan krij ik it idee dat der in ferbân is. Ik kin my ek foarstelle dat at je minder guod út ‘e grûn helje, it minder hurd giet.

    No wit ik net wêr jo dat 49% wei ha, ik soe it graach witte wolle.

    Ja, wy mat ús oanpasse. Ja, de natuer soarget wol foar harsels. Ja, it belied wat der no stiet is net folle. Mar ek: ja, de minske is in oarsaak fan klimaatferoaring en ja wy kin op syn minst probearje der wat oan te dwaan.

  2. Jaap Langenbach septimber 5, 18:55

    Leest u geen krant ? U heeft kennelijk gemist dat, op een paar na, alle landen zich verplicht hebben om de klimaatopwarming tot flink beneden de 2 graden te beperken. Zouden die het echt allemaal niet begrepen hebben ?

  3. S. van der Werff septimber 5, 22:17

    Beste meneer Langenbach, u moet niet alles geloven wat er in de krant staat. CO2 is een groeigas, geen vervuiling, onmisbaar voor alle leven op aarde, het CO2 gehalte is nu circa 400 ppm (400 deeltjes op 1miljoen, 0,004%) en is in het verleden soms wel 20 keer hoger geweest. Prominente wetenschappers, waaronder Nobelprijswinnaars stellen dat de invloed van CO2 op de wereldtemperatuur vrijwel verwaarloosbaar is. Daarnaast hebben landen zich niet verplicht, maar willen ze vrijwillig bepaalde maatregelen treffen, waaronder een vrijwillige CO2 reductie, die zou er dan toe moeten leiden dat de wereldtemperatuur (die overigens niet bestaat) onder de 2 graden stijging blijft. Allemaal voornemens die onnoemelijk veel kosten en geen enkel effect zullen hebben op het klimaat, maar vooral de gewone man in de portemonnaie treffen. De wetenschap is door de politiek gekaapt en de kranten en overige media papegaaien elkaar na, en iedere andere opvatting wordt niet in de media vermeld. Gelukkig zijn er nog andere manieren om je goed te informeren.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.