Bywurke: Swimtocht Van der Weijden smyt 3,5 miljoen op

augustus 21, 2018 07:40

Swimmer Maarten van der Weijden hat goed 2,5 miljoen euro ophelle mei syn swimtocht troch Fryslân. It jild is ornearre foar kankerûndersyk. Nei it bekendmeitsjen fan it einbedrach krige Van der Weijden in spesjaal Alvestêdekrúske út hannen fan premier Rutte.

foto: Omrop Fryslân

Rutte sprekt fan in prestaasje fan grut formaat en seit in protte bewûndering te hawwen foar de swimmer, dy’t eks-leukemypasjint is. “As je je realisearje wat er sels trochmakke hat, it is sa’n foarbyld foar in protte minsken. Held is in te lyts wurd. In reus, dat is er.”

Van der Weijden woe de Alvestêdetocht swimmend ôflizze foar it goede doel. Moandeitemiddei strâne de langeôfstânsswimmer nei 163 kilometer en 55 oeren swimmen, om’t er siik wurden wie. It wie dêrtoch medysk net mear ferantwurde om troch te gean. Van der Weijden waard moandeitejûn yn Ljouwert ûnthelle troch in grutte kloft minsken. “Ik haw alles jûn. Ik bin hielendal leech. Mar it is hertferwaarmjend dat jim hjir allegear binne!”, sei er. Op de fraach oft Van der Weijden ea noch swimme sil, antwurde er: “Ik moat der net oan tinke.” Earder op ’e jûn sei er dat er him ûnderwilens in stik better fielde.

Bywurke woansdeitemoarn: Van der Weijden fernijde justerjûn yn it telefyzjeprogramma Laat op één dat de teller letter fierder oprûn is nei mear as 3,5 miljoen euro. Jild oermeitsje kin noch op bankrekkennûmer NL70 RABO 0321549333 op namme fan Stichting Maarten Van Der Weijden Foundation of fia www.11stedenzwemtocht.nl.

augustus 21, 2018 07:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.