Stedsbeken wer hurd nedich

augustus 7, 2018 09:46

De stedsbeek komt werom. Hieltyd mear gemeenten wurkje oan it wer streame litten fan âlde wetters of lizze in folslein nije beek oan. De gemeenten dogge dat net allinnich om’t it in moai plaatsje is. De beken binne nedich om de gefolgen fan klimaatferoaring te bestriden. As der in soad reinwetter falt fiere se it wetter fluch ôf, en yn waarme perioaden soargje se foar ferkuolling.

Foto: Wikipedia/Towersky – lisinsje CC BY.SA 3.0

Oant in iuw lyn tsjinnen de stedsbeken foaral om fabriken en mûnen draaiende te hâlden. Doe’t de stêden groeiden, leine de beken yn ’e wei. Se waarden tichtsmiten of ferdwûnen ûndergrûnsk yn rioelbuizen. Dat wie net sûnder gefolgen foar de wetterhúshâlding.

Yn Ynskedee bygelyks ûntstiene problemen troch in hege grûnwetterstân en ûnderstrûpte strjitten by in protte reinwetter. It werombringen fan de beken is in logyske oplossing. Der is keazen foar nije beken, om’t de âlde hielendal folboud binne. Under de wiken komt in drênaazjesysteem dat oerstallich wetter ôffiert nei de nije Roombeek en Stedsbeek.

Apeldoarn begûn yn 2007 mei in wetterplan. Foar 2030 moatte fjirtjin beken mei in folsleine lingte fan fjirtich kilometer oanlein wêze. De ynvestearring wurdt rûzd op sechtich miljoen euro. Dêr slagget it wol om âlde beektrajekten te folgjen. Troch histoaryske kaarten en âlde rioelearringstekenings te brûken, hat is der in goed byld fan wêr’t de beken ea rûnen. Soms stiet der in gebou op it trasee, dan wurdt in omlieding makke. Krekt as yn Ynskedee binne de beken yn Apeldoarn nedich om problemen mei rein- en grûnwetter op te lossen. Mar Apeldoarn brûkt se ek om de natuer yn ’e stêd werom te bringen.

Yn Hurderwyk en Arnhim streamt ek wer in beek troch de stêd. Oare stêden yn Nederlân meitsje plannen om de beek werom te bringen.

augustus 7, 2018 09:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.