Stânbyld foar Maarten van der Weijden

augustus 30, 2018 19:45

foto: Omrop Fryslân

Burdaard wol dat Maarten van der Weijden in stânbyld kriget op it plak dêr’t er op 20 augustus 2018 syn Alvestêdeswimtocht opjoech. Maarten mei dan opholden wêze, mar de striid tsjin kanker mei dat net. In stânbyld hâldt syn moedich ûndernimmen yn oantins en freget bliuwend omtinken foar de striid tsjin kanker.

De supporters fan de nachtlike tocht troch de Hel fan it Noarden binne de inisjatyfnimmers foar in keunstwurk om dy striid libben te hâlden. “Maarten hie Fryslân en Nederlên yn ’e ban. En ús ek. It liet ús net los”, sei Jenno Terpstra, ien fan de inisjatyfnimmers.

It stânbyld moat der komme troch in lanlike aksje fan tritich dagen fia www.whydonate.nl ûnder de fundraisen Standbeeld voor Maarten. It streefbedrach is € 50.000,00. Donateurs wurde op ’e hichte holden fia de Facebooksite Standbeeld Maarten van der Weijden. Is der nei it klearkommen fan it byld jild oer, dan giet dat nei de Maarten van der Weijden Foundation. Kin it net trochgean dan giet it nei de donateurs werom. Van der Weijden hat syn stipe tasein. Doarpsbelang Burdaard-Jislum e.o. hat dat ek dien.

augustus 30, 2018 19:45
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Johannes augustus 30, 20:07

    In krús mei de fermelding dat dit it ein wie fan Maarten van der Weijden syn Âlvestêde-swimtocht en de datum.

  2. Rob augustus 31, 14:53

    Hoewol’t ik respekt haw foar wat MvdW dien hat en it in goed inisjatyf fyn fyn ik it sûnde fan’t jild. In byld yn Dokkum of Ljouwert op in sintraal plak wurdt troch in protte lju sjoen, tusken de greiden net. En it giet dochs oer omtinken foar de stryd tsjin kanker…..

  3. Johannes septimber 1, 20:57

    Yn Burdaard oan ´e Ie is it bêste plak foar in oantinken. By alle Alvestêdetochten kinne de dielnimmers it sjen. Burdaard is in hartstikkene sintraal plak yn in Alvestêderûte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.