Skieppehâlders wolle jild fan oerheid foar beskerming tsjin wolf

augustus 10, 2018 10:37

Boeren wolle jild fan de oerheid om harren te beskermjen tsjin wolven. Hja reagearje dêrmei op it slimme tanimmen dit jier fan it tal skiep dat deabiten is, skriuwt de Volkskrant.

Foto: pixabay.com

De krante hat in omgong dien by tsien bedriuwen lâns yn Drinte, Oerisel, Grinslân, Limburch en belutsen ynstânsjes. Skieppehâlders wolle dat de oerheid faasje makket mei in subsydzjeregeling om previntive maatregels te nimmen lykas yn Dútslân en Sweden wenstich is. Boeren kinne wol al oanspraak meitsje op in skeafergoeding as se te krijen hân ha mei in oanfal troch in wolf.

It Faunafûns kriget hieltyd mear claims fan skieppehâlders. Dit jier wiene it oant no ta 35 foar de dea fan byinoar 134 skiep. De oerheid kearde dêr 15.000 euro foar út. Yn 2016, in jier nei’t de earste wolf yn Nederlân weromkaam wie, waard 7800 euro útkeard foar acht meldings fan 21 deade skiep.

Tongersdei waard bekend dat in wolf ferantwurdlik is foar de dea fan 26 skiep yn juny yn Lierderholthuis, Oerisel. Guon skieppehâlders fine dat de oerheid mear dwaan moat om foar te kommen dat wolven Nederlân ynkomme. Mar it bist is Europeesk beskerme en mei net ferjage wurde, lit stean ôfsketten. Belutsen oerheden binne yn petear oer in nij Wolveprotokol. Dêr komme ek previntive maatregels by oan bod, seit in wurdfierder fan de provinsje Oerisel yn ’e krante.

augustus 10, 2018 10:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.