Simone Djurrema: brân!

augustus 4, 2018 20:00

Kollum

Sweden stiet yn ’e brân! Soks sjocht men oars eins allinnich op it nijs as it oer it bûtenlân giet. It komt nea sa tichtby. Mar no wol.

Op de ien of oare wize kinne wy noch hieltyd folhâlde dat it net tichtby is, want it brânt net hiel ticht by ús. En men moat it ek wol folhâlde, want it soe fansels samar oeral begjinne kinne te brânen. Likegoed by jimme thús mei koartsluting yn de wettersierder, de buorman dy’t in bearenburchje te folle hân hat en yn ’e sliep foel mei de brânende peuk yn ’e hân, of yn ús bosk, mar dat kin de holle net oan – dat kin men net befetsje –, dus dan besykje we der mar wer net oan te tinken en gewoan troch te gean mei it deistich libben.

In wike as twa lyn waard ik midden yn ’e nacht wekker fan in brânlucht. Healwei fjouweren kuiere ik bûtenom om te sjen oft it ek tichtby wie, gefaarlik tichtby. Dat foel ta, ik seach yn alle gefallen gjin reek. It hat dy hiele dei noch rûkt yn ’e regio. Wêr’t de lucht weikaam, witte we net krekt. It hie brând yn in plak sa’n 50-60 km himelsbreed by ús wei. Ferskillende oare brannen noch tichterby kinne wy ek rûkt hawwe, ôfhinklik fân de wyn.

Lêsten hawwe dwêstfleantugen wetter skept yn in mar fyftjin kilometer by ús wei foar in brân fierder fuort. Dat jimme hawwe wol yn ’e gaten dat we opspringe by it minste luchtsje en dan op facebook of https://www.sosalarm.se/trender–analyser/lagesbild-brand/ sjogge en hoopje dat se de boel geregeld opdatjearje.

Soms as ik wat nijs sjoch en foto’s of filmkes, bekrûpt my wol in hiel ûnrêstich gefoel, dat ik gean it leaver wat út ’e wei. En as ik brânrook rûk, stean ik fuort bûtendoar om te sjen wêr’t it wei komt. Haw ik de besite wol sein dat se net barbecue meie? Smookt der ien? Wat dogge se mei de peuken? Wy meie net iepen fjoer hawwe, net gers meane, want de messen kinne fonkjes meitsje op in stientsje, net beammen omseagje mei in motorseage, sels net mear op gas bûtendoar barbecue, dus net allinnich wyldkampeerders dy’t mei kampfjoerkes oerlibje wolle, mar ek minsken op campings binne de sigaar. En dy sigaar mei bûten ek hast nearne oan.

Der binne yn Sweden hiel grutte stikken ûnbewenne bosk. Ik haw noch mar in pear kear wat heard oer evakuaasjes. Oer deaden fûn ik aldergelokst neat, dat famylje en freonen yn Fryslân hoege net ûngerêst te wurden. Yn Grikelân wie dat wol oars, dat moat dêr wol in tichter befolke gebiet west ha.

foto © Henrik Johnsson

Earne yn it noarden fan Sweden, by in wapendepot fan it leger, hawwe se in bom goaid om te besykjen de brân mei de weach fan de luchtdruk te bestriden. Dat is slagge. En út ferskate lannen komme hiele rigen brânwachtauto’s om te helpen. En fleantugen en helikopters. Dan is men wol efkes ûnder de yndruk! Dochs fyn ik it apart dat it by ús op safolle plakken brânt en yn dy lannen net. Der wie ek al wat oanstutsen troch sike idioaten, net te leauwen.

Ik komt fan ’e drûchte, de brannen binne net de iennige gefolgen. Der binne regio’s dêr’t de boeren gjin foer mear hawwe en it fee foar de slacht giet. Dat falt hjir gelokkich noch genôch ta. Dit jier sil de skiednis yngean as in hiel swier jier.

En sa’t it altyd gien is yn krisissituaasjes, ús libben giet gewoan troch. Wy geane nei it wurk, wy krije besite – dêr’t we net mei barbecue – en hierders en we sjogge it wol as it tichterby komme soe. En wy tinke oan de minsken dy’t net safolle gelok hawwe.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.

 

 

augustus 4, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.