Ronald Plasterk yrritearret taalkundigen mei útspraken oer taal

augustus 25, 2018 15:59

Ronald Plasterk yn De wereld draait door (foto: BNN Vara)

In groep Nederlânske taalkundigen hat argewaasje fan Ronald Plasterk, dy’t earder minister fan ûnderwiis, kultuer en wittenskip, en minister fan ynlânske saken wie. De taalkundigen binne fan betinken dat Plasterk sûnder kennis fan saken ynkorrekte útspraken oer taal docht en net harket nei arguminten fan fakminsken.

Heechlearaar Nederlânsk Marc van Oostendorp skriuwt deroer op Neerlandistiek.nl (link). Plasterk sei op Twitter dat neffens him alle taalregels op skoalle oanleard wurde. Yn de taalkunde wurdt just de klam lein op it ferskil tusken preskriptive regels, dy’t op skoalle leard wurde en dy’t in minderheid foarmje, en deskriptive regels, dy’t bern ûnbewust oppikke. Fan dy lêsten besteane folle mear en in wichtige taak fan taalkundigen is om derefter te kommen hoe’t se wurkje.

“Mystiek verschil”

“Elke regel is ooit gecodificeerd”, skreau Plasterk. Tsjin alle ûndersyk fan de ôfrûne desennia yn skreau er ek: “Dus er zou een mystiek verschil zijn tussen oppikbare en niet oppikbare regels, dat per taal verschilt? Ik geloof daar niet in.”

In protte Nederlânske taalkundigen bemuoiden har dermei: Marc van Oostendorp, Marten van der Meulen, Remco Knooihuizen, Helen de Hoop, Jan Stroop, Jan Kuitenbrouwer, Sterre Leufkens, Peter-Arno Coppen en Albert Oosterhof giene fia Twitter of Neerlandistiek.nl de diskusje oan. Hja leine Plasterk mei ferwizings nei ûndersyk út hoe’t it ûnderskied wurke, mar Plasterk harke net en sei dat er it net leaude.

Frysk

Doe’t ien Plasterk derop wiisde dat er as biolooch yn it ferline kreäsjonisten ferwiten hie dat hja sûnder kennis fan saken útspraken diene op syn wittenskipsmêd, antwurde Plasterk: “Als een onderzoeker van het Meertens Instituut voor volkskunde denkt dat er speciale plekjes in de hersenen zijn voor die taalregels die je niet kunt ‘oppikken’ mag ik daar best over in gesprek gaan.”

It is net foar it earst dat Plasterk útspraken oer taal docht dy’t nearne op slagge. Yn 2000 sei er yn it televyzjeprogramma Buitenhof: “Ik heb niets tegen het Fries, als iedereen maar snapt dat het als taal net zo’n sprookje is als de Efteling in het Brabantse Kaatsheuvel.” Hy neamde it Frysk doe ek: “heel gewoon Nederlands, fonetisch opgeschreven en met wat dialectuitspraak”. Dat is him doe troch Friezen en taalkundigen kwea ôfnommen.

Hun

Yn 2010 brocht Plasterk, dy’t doe foarsitter fan de Nederlandse Taalunie wie, taalkundige Helen de Hoop op it rantsje fan ‘e wanhoop. Yn it programma De Wereld draait door sei er dat er it gebrûk fan it wurdsje hun as ûnderwerp ferbiede woe en helle er taalregels en staveringsregels hieltiten trochinoar. De diskusje is hjir te besjen: link.

Etymology

Marc van Oostendorp skriuwt noch op Twitter: “Jaren geleden was ik bij de uitreiking van een deel van het Etymologisch Woordenboek. Plasterk was toen minister van OCW. Zijn ambtenaren hadden een toespraak voorbereid, ’maar die legde hij aan de kant om ten overstaan van de fine fleur van historisch taalkundig Nederland zijn eigen etymologische theorietjes naar voren te brengen. Zelden zo’n gênante vertoning meegemaakt.”

augustus 25, 2018 15:59
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Stephan augustus 28, 11:45

    Jierren lyn ek alris in brief stjoerd nei syn ministearje oer syn domme útspraken oer it Frysk. Krige ik as antwurd in kopy fan syn taspraak op de CHN (Stenden, no), hielendal yn it Frysk! Mei oare wurden, ekskuses en sjoch ris hoe goed oft er it no docht… Spitich te sjen dat er stykjen bliuwt yn syn efterhelle tinkwizen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*