Programma Iepen Monumintewykein Wâldsein op 8 en 9 septimber

augustus 30, 2018 08:21

Tom Goossens Photography.

Wâldsein fiert de Iepen Monumintedei. Op sneon 8 en snein 9 septimber is der fan alles te besjen en te belibjen, lykas de nôtmûne ’t Lam út de 17e iuw, de houtseachmûne De Jager út 1719, de roomske Sint Michaëltsjerke út 1792 en de protestantske tsjerke De Karmel út 1837. Allegearre tige bysûndere monuminten. De Michaëltsjerke is sels de âldste tsjerke fan bisdom Grins-Ljouwert. De Karmel waard yn 2009 útroppen ta de moaiste tsjerke fan Fryslân. Wâldsein telt goed tweintich monuminten.

Untdek histoarysk Wâldsein
It doarp, de gesellige strjitsjes en histoaryske steechjes binne te ûntdekken mei de QR-koade. De besikers kinne har ferrasse litte troch de ryksmonuminten en de ferhalen ûntdekke oer al dy âlde huzen, de tsjerken en mûnen en komme ûnderwilens al kuierjend ferskate lytse winkeltsjes tsjin. De mûnen draaie en de mûnders fertelle graach oer hoe’t it wurket.
De sneins sil it Muzykfestival ‘Monuminten, Muzyk en Mear.. ’ organisearre wurde mei in soad muzyk en gesellige aktiviteiten.

Programma Muzykfestival ‘Monuminten, Muzyk en Mear…’
Live muzyk fan muzykgroepen, koaren en solisten op ferskillende lokaasjes yn it doarp, yn tsjerken, by mûnen en hoareka. Optredens fan folkgroep Reizger, trûbadoer Jan Nota, folkgroep Andehlian, folk- en countryband Janis Mc Coury & Wall of Sound, No Ego Jazzpop & More, muzykduo’s The Lion Rules en De Trochsetters.

Keunst
De BerneKeunstrûte wurdt offisjeel iepene troch kultuerwethâlder Stella van Gent. Tolve nominearre keunstwurken, makke troch bern fan de basisskoale, binne ferduorsume (ûnder oare yn brûns) en as rûte by de passantehaven lâns opsteld. De keunstwurken steane symboal foar de ôfrûne fjouwer jier dêr’t de bern elk jier keunstwurken yn makke hawwe. BerneKeunst Wâldsein hat yn de maitiid fan 2018 yn it ramt fan LF2018 ek mei bern in “Kofskip” mei wylgetienen neiboud.

Nij is in keunstmerk fan Wâldseinder keunstners mei it tema ‘Fan ambacht nei byldzjend’. Fierder is der in streekmerk mei ûnder mear fiskrikkerijen en in berneplein mei attraksjes. In treintsje mei CO2-frije blauwe disel sil as Monuminte-ekspres troch it sintrum fan Wâldsein ride. Fêst part is it unike fartochtsje “farre mei ferhalen” mei ferhaleferteller Mindert Wijnstra. De gesellige Midstrjitte wurdt wer optúgd mei in bernefrijmerk en mei ferkeap út histoaryske gebouwen wei.

Data en tiden:
Sneon 8 septimber 2018 fan 10.00 oant 17.00 oere
Snein 9 septimber 2018 fan 12.00 oant 18.00 oere

Plak evenemint: Sintrum Wâldsein

Kontactgegevens
E-mail: woudsendpromotie@gmail.com
Facebook: www.facebook.com/MMMWoudsend

augustus 30, 2018 08:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.