‘Poëzijfantasij’ om reden fan súkses ferlinge

augustus 28, 2018 08:15

Foto: Tresoar/Lân fan Taal

​It boartlike edukative taalprogramma Poëzijfantasij fan Tresoar en Lân fan Taal wurdt kommende hjerst fuortset.

​Mar leafst 3088 learlingen fan Fryske basisskoallen kamen dit jier al yn ’e kunde mei it wiidweidige edukative programma Poëzijfantasij. It is in boartlike syktocht nei (Fryske) taal en poëzij foar de groepen 3 en 4. Mei help fan in wurdûndersiker ûntdekke de bern mear oer in wurd dat se sels betocht hawwe. De learlingen meitsje mei harren eigen wurd in keunstwurk fan kralen, doppen, takjes, knopen of oare materialen. Fanwege it grutte súkses wurdt it programma yn septimber fuortset. It programma is in inisjatyf fan Tresoar en Lân fan Taal yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018.

Sjoch op de webside fan Tresoar foar mear ynformaasje.

augustus 28, 2018 08:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*