Pjut om midsnacht op ’e dyk fûn yn Roosendaal

augustus 23, 2018 10:44

Buertbewenners hawwe woansdeitejûn let yn Roosendaal in jonkje fan tusken de ien en twa jier âld fûn. It giet mooglik om in Pakistaansk of Yndiaask bern. De plysje hopet dat famylje fan it bern him gau meldt. Hja wolle “it mantsje graach wer by syn famylje werombesoargje”, lit de plysje op Twitter witte. Tongersdeitemoarn waard de jonge noch net wer by syn famylje brocht.

Foto: pixabay.com

It jonkje waard krekt foar midsnacht hielendal allinnich op ’e dyk fûn. Deselde nacht noch is er opfongen troch in pleechgesin. Hy praat noch net sa goed, hat koart swart hier en draacht twa earringen. Neffens de plysje is de jonge yn goede sûnens fûn. De buert yn Roosendaal reagearret feralterearre. De plysje hopet dat de famylje fan de jonge him gau meldt, sadat it net nedich is om in foto fan him te fersprieden. Faaks bart dat op in letter stuit wol.

Sinjalemint
De jonge hie op it stuit dat er fûn waard in swarte learen jas oan fan it merk River Island. Hy hie swarte skuon mei klittebân fan it merk Adidas oan, Cars-sokken oan en in spikerbroek. Hy hie ek in blau-griene sobber dy’t oan in read-wite koarde sit. Op de sobber stiet in plaatsje fan in piraat.

Bywurke 13.30 oere: De heit fan it jonkje is ûnderwilens fûn. De plysje is yn petear mei de heit, mar wol út privacy-oerwagings neat mear sizze. Plysjes wiene tongersdeitemoarn yn de hiele regio op ’e syk gien nei de âlden.

augustus 23, 2018 10:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.