Opsnijerij

augustus 26, 2018 10:36

troch Jabik van der Bij

It wie himmel waar en de lêste dei fan it skûtsjesilen op de Snitser Mar. Krekt wat om in slach om ’e mar te fytsen. Meastal hâld ik it net út om my del te jaan oan ’e kant om in pear oeren nei de meneuvels fan de silers te stoarjen. Mar al fytsendewei en sa no en dan de mar oer te eagjen is noch wol te dwaan. Sadwaande setten wy ôf nei Snits om de Griene Dyk nei Terherne te nimmen. It is ien fan de peareltsje ûnder de Fryske fytspaden. Underweis mienden wy in earn op it fytspaad waar te nimmen. Dat is net ûnmooglik, omdat mear minsken fan ’e maitiid in fisk of see-earn sjoen hawwe.

Doe’t wy Terherne hân hiene en in eintsje it fytspaad by de igge fan de mar opfytst wiene, hiene wy rom sicht op de skûtsjes. Wylst wy dêr sa mei de fierker nei skûtsjes stiene te kueren, wiene der in man en in frou njonken ús fan de fyts ploft. Al rillegau begûn de man: “Wel, waar kijkt ge zo naar? Is der een of andere wedstrijd daar?” Wy ha har doe wat ferteld oer de skûtsjes earder en no, en dat der yndied sprake wie fan in wedstriid. “Wel, plesant”, fûn de man. It praat oer de skûtsjes wie út mar gie al gau oer wat oars: Fryslân en Flaanderen. Se kamen út Mechelen en wiene in pear dagen yn Fryslân. Se kamen wol faker yn Nederlân, want hjir koene je sa moai fytse. Prachtige fytspaden en it lânskip wie net sa ferpest as yn België, wiene se fan betinken. It wie yn Nederlân allegearre folle better regele. Dêr hearden wy fan op. Yn België wie der gjin tasicht op de bouwerij. Elk kwakte oeral mar in hûs of fabryksloads del. De man wie dúdlik net te sprekken oer it eigen lân.

Doe kaam it praat op de ferhâlding tusken de Flamingen en Nederlanners. Wy mar tinke dat dêr neat mis mei is. Wy tochten dat der wol sprake wie fan lykweardigens. Wy ha yn elts gefal in mienskiplike taal en ús skiednissen binne nochal wat yninoar ferfrissele. “Daar is geen sprake fan gelijkwaardigheid”, miende ús nije Belgyske kennis. Belgen kijken tegen de Nederlanders op. “Gij zijt rap fan den tongriem gesneden. Wy Belgen zijn een beetje bescheidener.” Hy fûn dat Nederlanners folle mûniger wiene. Syn frou wie it dêr folslein mei iens. “No, sa bot hoege wy ússels net op it boarst te slaan”, sei ik. “Jimme wiene nei de fuotbalkampioenskippen wylst wy thús sieten.” Ik koe net sa gau in better wjerwurd fine. “Wie hebt ge als Nederlanders ondersteund toen ge er niet bij was?” frege er. No de Belgen fansels. Dat foel him net ôf.

Hoe’t petear doe oergie op de taal wit ik net mear mar, ek al wie Ljouwert o sa’n moaie stêd, it foel him bot ôf dat der hast gjin Frysk te sjen wie mar wol fierstente folle Ingelsk. By harren yn Flaanderen ha se ek lêst fan dy Ingelske goarre, mar yn Nederlân is it wol hiel slim. Oeral ‘sale’ op ’e winkels, bern binne der net mear. It binne allegearre kids wurden, wolle de winkellju ús wiismeitsje en neffens de kranten binne der in protte ‘events’ yn Ljouwert. De jongste opklopperij is cityswim. Foar wa’t it net meikrige hat: it mei Maarten van der Weiden meiswimmen yn de stêden. Us Flaamske prater besoude him deroer dat Friezen net wat selsbewuster binne. Al filosofearjend kaam er ta de konklúzje dat al dat Ingelsk klearebare “snoeverij” is. Sjen litte dat je ek wol in wurdsje Ingelsk yn ’e “pocket” hawwe. Dat past wol wat by dy grutske Nederlanners, tocht de Flaming. Dêr holden wy it dan mar op en wy namen ôfskied. Sy woene jûns noch nei Mechelen werom, mar se kamen grif nochris werom om hjir te fytsen.

Oan de gewearskotten te hearen wiene de skûtsjes ûnderwilens oer de finish en wy koene noch eefkes neiprate oer de moeting mei de Belgen. “Snoeverij” hiene se sein, opsnijerij dus.

augustus 26, 2018 10:36
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Bertus Jans Postma augustus 27, 17:01

    Bart de Wever-en-dy sitte heale dagen foar de televyzje en lêze it nijste Catalan News. Kataloanje, Skotlân en Flaanderlân hawwe de koerts útset.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.