Omtrint grutste sylskippen fan de wrâld yn Harns

augustus 5, 2018 09:49

Wie noch mar fjouwer jier lyn Harns de earste Nederlânske starthaven ea foar de Tall Ships Races, no wie de histoaryske stêd – en iennichste Fryske seehaven – it finishplak. De Tocht fan de Grutte Sylskippen wurdt sûnt 1956 alle jierren organisearre om jongerein yn ’e kunde komme te litten mei de see en it silen op tradisjonele skippen. Sadwaande is de helte fan de bemanningen net âlder as 25.

Dit jier sette de syltocht op 14 july út ein yn Sunderland yn it Feriene Keninkryk mei in wedstriid nei Esbjerg yn Denemarken. Dernei ferfearen de skippen nei Stavanger yn Noarwegen foar in twadde wedstriid nei Harns.

Nei’t de grutte sylskippen boppe Flylân en Skylge oer de einstreek gien wienen, wie earjuster it ynfarren. De foto’s jouwe in ympresje (© It Nijs).

 

It is te rêden om de mear as fyftich grutste sylskippen fan de wrâld, mar de twa aldergrutsten, de Russyske Sedov (117 m lang) en Kruzenstern (114 m) binne der yn Harns net mear by. Dy binne útpykt nei Emden yn Dútslân. Oer de reden gean ferskate lêzingen om.

Yn rûnten fan de bemanningen wurdt grute dat it útnaaien mei skuldeaskers te krijen hat om’t sokken it yn Nederlân frij maklik foarinoar krije en lis in skip oan it keatling. Dy skuldeaskers soenen mooglik politike tsjinstanners fan de Russyske presidint Poetin wêze. Yn dat ramt wurdt de namme fan Michail Chodorkovski neamd, dy’t op it heden yn Switserlân tahâldt.

Mar neffens de Russyske ambassade binne de twa sylskippen weromlutsen yn ferbân mei it politike konflikt dat Ruslân en Nederlân hawwe oer it delheljen fan de flucht MH17 yn de Oekraïne.

 

 

 

Op en om de skippen binne der hjoed noch in protte aktiviteiten. Moarn sette se wer ôf.

augustus 5, 2018 09:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.