Oername ECR is rûn

augustus 2, 2018 09:13 Fernijd

ECR (European Care Residences) is mei yngong fan 23 july lêstlyn opgien yn ECR 2.0. Dat falt ûnder it management fan de nije oandielhâlders dy’t eigner binne fan ûnder oare soarchynvestearder Blueprint Group.

ECR Domaine Cauberg yn Valkenburg (foto: Paul Engelkes)

ECR leveret al mear as tweintich jier wenjen-mei-soarch en soarchhotelsoarch op ferskate lokaasjes ferspraat troch Nederlân en sil it kommende jier transformearre wurde ta in sûne soarchorganisaasje dêr’t it hearlik wurkjen, better wurden en (tydlik) wenjen is.

Foar bewenners en soarchhotelgasten feroaret der net folle. De soarch op de ECR-lokaasjes wurdt levere troch soarchorganisaasje RAZ. RAZ is ûnderdiel fan ECR en dus ûnderdiel fan de oergang nei ECR 2.0.

De grutste feroaring by ECR dêr’t wat fan te fernimmen wêze sil, is de wikseling fan oandielhâlders. ECR sil boppedat gebrûk meitsje fan de kennisdieling en kombinearre stypjende tsjinsten fan Blueprint Group. Dêrmei bliuwt de kwaliteit en finansjele posysje fan ECR ek yn ’e takomst garandearre.

Blueprint Group ûntwikkelet hjoeddeiske oplossings foar senioaren mei in tydlike of permaninte soarchbehoefte en biedt in tydlik of permanint thús oan pearen en allinnichsteanden mei ferskate soarchyndikaasjes. It oanbod rint fan lytsskalige, yntinsive (revalidaasje)soarch oant residinsjele lokaasjes foar libbensrinbestindich wenjen. Neigeraden de selsstannigens fan de kliïnt ôfnimt, groeit it oanbod fan soarch en wenservice op natuerlike wize. Om op de spesifike winsken en behoeften fan kliïnten antisipearje te kinnen hat Blueprint Group ferskate soarchformules, wêrûnder Zorghuis Nederland, Herstelzorg Nederland en Ontzorgd Wonen Nederland.

augustus 2, 2018 09:13 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.