Oargel-Alvestêdetocht 18 augustus 2018

augustus 16, 2018 08:52

Oargel en heechalter fan San Petronio yn Bologna, wurkplak fan Liuwe Tamminga (foto fy.wikipedia)

Sneon 18 augustus 2018 sil der in wol hiel bysûndere âlvestêdetocht riden wurde. De wrâldferneamde oargelist Liuwe Tamminga (berne yn Himmelum, 1953), dy’t yn Bologna (Italië) wennet en wurket as oargelist fan de San Petronio, sil dan yn alle Fryske stêden in oargelkonsert fan in healoere jaan. Dat docht er yn elke stêd op it belangrykste oargel dêr.

Tamminga hat foar alle stêden in oar programma gearstald dat ôfstimd is op de klankeigenskippen fan it oargel yn dy tsjerke.

De konserten binne fergees tagonklik. Leafhawwers dy’t alle konserten hearre wolle hawwe har ynskreaun en folgje de oargelist yn buskes.

De folsleine ynformaasje oer de tocht, ynklusyf alle programma’s, is te finen op www.liuwetamminga.nl

De start is yn Ljouwert om 07.30 oere by de Grutte of Jacobinertsjerke.

De konserten binne yn:

Snits, Grutte of Martinytsjerke (oargel: Arp Schnitger 1711 – L. van Dam 1898): 08.30–09.00 o.

Drylts, Mauritiustsjerke (oargel: L.J. en J. van Dam 1834): 09.30 –10.00 o.

Sleat, Grutte Tsjerke (oargel: Jan Harmenszoon Camp 1704 – Albertus van Gruisen 1786): 11.00 – 11.30 o.

Starum, Nikolaastsjerke (oargel: Wiebe Meyes en Meye Wiebes 1786 – N.A.G. Lohman 1861 – Lambertus van Dam & Zn 1903): 12.30 – 13. 00 o.

Hylpen, Grutte Tsjerke (oargel: Jan Harmensz. Camp 1714/19 – L. van Dam & Zn 1813): 13.30 – 1 4.00 o.

Warkum, Grutte of Sint-Gertrudistsjerke (oargel: Jan Harmensz. Camp 1697): 14.30 – 15.00 o.

Boalsert, Martinytsjerke (oargel: Albertus Antoni Hinsz 1781): 15.45 – 16.15 o.

Harns, Grutte Tsjerke (oargel: Albertus Antoni Hinsz 1776 – Petrus van Oeckelen 1864): 16.45 – 17.15 o.

Frjentsjer, Grutte of Martinyitsjerke (oargel: Jan van Covelens 1512 – L. van Dam & Zn 1842- Bakker & Timmenga 1996): 17.45 – 18.15 o.

Dokkum, Grutte of Sint-Martinustsjerke (oargel: Jan Helman 1688 – Dirk Flentrop 1979: 19.00 – 19.30 o.

Ljouwert, Grutte of Jacobinertsjerke (oargel: Christian Müller 1727): 20.30 – 21.00 o.

augustus 16, 2018 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.