Nyk de Vries op Noorderzon 2018

augustus 24, 2018 10:24

Skriuwer/muzikant Nyk de Vries, fan Noardburgumer komôf, spilet fan 25 o/m 27 augustus syn foarstelling De Grote Vakantie op it Noorderzon Festival yn Grins. De foarstelling is in miks fan foardracht, muzyk en film, dêr’t Nyk syn eigen fakânsjeskiednis yn ûnder de loep nimt.

Nyk de Vries (foto: Nyk de Vries)

De titel kin letterlik naam wurde, in protte fan de ferhalen spylje har ôf yn en om de simmerfakânsje: de lêste skoaldei komt deroan, drama op ’e kemping. Mar ek figuerlik, as metafoar foar ôfskie fan in dierbere, of in libbensfaze. De koarte films binne fan de hân fan Herman Zeilstra.

Lokaasje: Leliesingel Grins (yn de ‘Vera’-kontener)
Datum: 25 o/m 27 augustus (trochrinnend fan 16.00 o/m 23.00 oere)
Tiidsdoer: 20 minuten
Yntree: € 4,-

Sjoch ek op de webside fan Noorderzon.

Aktuele data
Sneon 25 augustus – Noorderzon – Grins
Snein 26 augustus – Noorderzon – Grins
Moandei 27 augustus – Noorderzon – Grins
Snein 2 septimber – De Oversteek – Nimwegen
Sneon 8 septimber – Sint-Bonifatiustsjerke – Dokkum (Wâldman – foarstelling fan Tjibbe Hooghiemstra m.m.f. Tsead Bruinja, Douwe Kootstra en Nyk de Vries. Oanfang 17.00 oere.)
Snein 9 septimber – Sint-Bonifatiustsjerke – Dokkum (Tongen – lêste foarstelling. Oanfang 14.00 oere.)
Sneon 22 septimber – Greidhoekfestival – Wommels (The Amp)
Sneon 29 septimber – Theaterroute – Almelo
Sneon 6 oktober – Dada Poëzijbal De Lawei – Drachten

Meer info fia: www.nykdev.nl.

augustus 24, 2018 10:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*