Nettsjinsteande buien dochs noch wettertekoart

augustus 11, 2018 12:31

Wetterskip Fryslân berjochtet dat it reinen fan de lêste dagen it tekoart oan wetter noch net opheft. It sil noch aardich wat langer reine moatte ear’t de efterstân ynrûn is. It sproeiferbod bliuwt dan foarearst ek fan krêft.

De kommende wiken wurdt noch nt folel reinwetter ferwachte, mar wol ferdamping. Bouboeren meie allinne tusken jûns acht oere en moarns tsien oere sproeie. Sa wol Wetterskip Fryslân it wetter yn de polders op peil hâlde. Greide mei hielendal net besproeid wurde. Op www.wetterskipfryslan.nl stiet hokker gewaaksen wannear bereind wurde meie.

Peil Iselmeer sakket
Wat it ynlitten fan wetter út de Iselmar oangiet, feroaret der foar de wetterskippen noch neat, omdat der te min wetter út de Ryn en de Isel yn de Iselmar komt.

Buien en wetterkwaliteit
De kwaliteit fan it oerflakwetter hat gauris tige te lijen fan de slimme buien, trochdat der nei in langte skoft fan drûchte in soad smoargens yn sit. Swimme yn bûtenwetter bliuwt dan ek riskant.

augustus 11, 2018 12:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.