Mear siikmeldingen nei swimmen yn bûtenwetter

augustus 2, 2018 16:02

Blau-algen (foto commons.wikimedia.org/Lamiot)

It tal meldingen fan minsken dy’t nei it swimmen yn bûtenwetter siik wurden binne, nimt ta. Dat docht bliken út de gegevens fan de swimwettertelefoan. It tal meldingen fan blau-alch en deade fisken nimt ek ta. Dat de wetterkwaliteit yn offisjele swimplakken ek minder wurdt, blykt noch net út de mjittingen dêr. Bûten dy lokaasjes wurde gjin mjittingen dien.

Deputearre Michiel Schrier: “Yn dizze útsûnderlik moaie simmer kinne we gelokkich noch op in soad plakken swimme. Mar bliuw sels wol skerp op blau-alch, ek bûten de oanwiisde swimplakken. Sjoch foar der yn te springen earst nei de tastân fan it wetter.” In lestige faktor is dat net alle fersmoarging fan it wetter mei it bleate each waar te nimmen is.

De ôfrûne wike kaam der allinne foar de Aldegeaster Brekken in negatyf swimadvys by. Dy foar de Leien (De Rottefalle) en de Lauwersmar bliuwe bestean. Dêrnjonken jildt foar twa swimplakken it hiele seizoen in negatyf advys en is ien plak sletten fanwegen bouwurksumheden.

Foar sân plakken jilde warskôgingen. De aktuele situaasje stiet op www.zwemwater.nl. Op Twitter en yn de swimwetterapp is dy ynformaasje ek te finen. De offisjele swimplakken binne te finen op www.fryslan.frl/zwemwater. By alle offisjele plakken steane swimwetterbuorden mei ynformaasje oer de wetterkwaliteit en oer it nivo fan foarsjenningen. Bûten dy plakken moatte swimmers sels neigean oft it ferantwurde is om yn it bûtenwetter te rekreëarjen.

De webside fan de FUMO jout ek aktuele ynformaasje oer it swimwetter en jout oan wat de risiko’s binne op it swimmen yn wetter mei blau-alch.

Sjoch by sûnensklachten nei it swimmen yn it bûtenwetter de advizen fan GGD Fryslân.

augustus 2, 2018 16:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.