Masterfyt fan skipper Visser holp Grou oan kampioenskip SKS

augustus 19, 2018 12:58

De taskôgers gappen nei de siken by in ôfgryslik spannende finale fan it SKS-skûtsjesilen, freed op de Snitsermar, en de measten kinne it noch amper neifertelle. It Nijs sil it besykje.

Oan it begjin fan de wedstriid wienen der wol sân skûtsjes dy’t noch in poadiumplak berikke koenen. It wie dreech rekkenjen, om’t kampioenskandidaat It Hearrenfean foar de wedstriid by Starum, dêr’t er útrekke, de trochsneed fan syn oare wedstriidpunten krige. En Grou en It Fean hienen minder as twa punten ferskil. It kaam derop del dat It Hearrenfean foar of deun efter Grou komme moast om kampioen te wurden. Ien skûtsje dertusken en Grou waard kampioen.

Ynearsten pakte Grou de lieding en siet It Hearrenfean op it seisde plak; dat Grou lei op dat stuit op kampioenskoerts, want de nûmer trije, Akkrum, lei te fier nei efteren. Mar yn it twadde krúsrek naam de Heale Moanne de kopposysje oer en kaam It Fean fjirde, efter Drachten. Efkes letter hellen lykwols Grou en Drachten de Heale Moanne yn en kaam It Fean op trije. Koart dêrnei profitearre de Heale Moanne fan in pûst en sylde Grou en Drachten wer foarby. Troch in ôfwikende koerts fan It Fean koe dy foar Drachten del. Doe like It Fean dus kampioen te wurden. Foar Grou wie it nedich dat der noch in skûtsje tusken de beide matadoaren bedarre. Dat like net mear mooglik.

Mar doe kaam skipper Douwe Visser fan Grou mei in slûchslimme wraam, dy’t er de jûns foarôf al betocht hie, sa die er letter te witten. Hy socht koartby de einstreek, doe’t de Heale Moanne finishte, It Fean op en twong dy in lange slach yn de wyn op oer stjoerboard te meitsjen. Want it skip dat it minst skerp oan de wyn fart, yn dit gefal It Fean, moat foarrang jaan oan dyjinge dy’t skerper fart: loef (de wynkant) jout foarrang oan lij. It Fean mocht dêrom net draaie, ek al hie Grou de situaasje kreëarre. Visser hold It Fean sa lang yn ’e skjirre dat er de einstreek flak foar Drachten berikte, sadat er dy kreas tusken him en It Fean manoevrearre hie, dy’t dêr wer in pear meter nei kaam. Mei ien skûtsje dertusken yn hienen Grou en Fean beide de selde einstân en telde de lêste wedstriid, sadat Visser kampioen waard. Neffens Visser wie it syn ûnderfining dy’t it him die, foar dy fan de jonge Sytze Brouwer oer dy’t pas foar it twadde jier skipper is op it Skûtsje fan It Fean.

Grou op ‘e Lemmer; © It Nijs.frl

Besjoch hjir hoe’t Douwe Visser mei syn earste oerwinning dit jier by Terherne in goeie basis lei foar syn kampioenskip en hjirre hoe’t er dêr yn ‘e Lemsterbaai foar krewearre en It Fean doe ek al krekt foarbleau.

augustus 19, 2018 12:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.