Man oanhâlden foar oanslach op Twadde Keamer

augustus 28, 2018 18:57

De plysje yn De Haach hat in man oanhâlden dy’t derfan fertocht wurdt dat er in oanslach tarette op it gebou fan ‘e Twadde Keamer. It soe gean om in 26-jierrige man dy’t út it bûtenlân kaam. Hokker heitelân oft er hat, is net buorkundich makke.

De man soe op Facebook praat hawwe oer de oanslach. Reden soe in cartoonwedstryd wêze dy’t PVV-foaroanman Geert Wilders útskreaun hat. Dielnimmers moatte de islamityske profeet Mohammed tekenje. Om’t dat ûnder moslims in taboe is, is der benammen yn Pakistan in protte lilkens ûntstien.

Fanwegen syn krityk op ‘e islam en de film Fitna út 2008 wurdt Wilders bedrige. Hy moat al jierren ûnderdûke en wurdt permanint befeilige.

augustus 28, 2018 18:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.