Maarten van der Weijden en Reuzen live by Omrop Fryslân

augustus 15, 2018 08:35

foto: Omrop Fryslân

Sawol de reuseftige swimtocht fan Maarten van der Weijden as de tocht fan de Reuzen yn Ljouwert is dit wykein live te folgjen by Omrop Fryslân. Fan de tocht fan de Reuzen fan Royal de Luxe docht de Omrop ferslach op freed 17 augustus fan 10.00 oere ôf. De Alvestêde-swimtocht fan Maarten van der Weijden is te folgjen fia in 360 graden livestream, fan de start ôf op sneon 18 augustus om 04.30 oere.

Reuzen
Omrop Fryslân lit fia in livestream bylden sjen fan de earste foarstelling fan de Reuzen op freed 17 augustus. De livestream is fan 10.00 oere ôf te besjen fia de Omrop-app, Omropfryslan.nl, Facebook en ek op telefyzje. Presintatrise Jantine Weidenaar fersoarget it kommentaar by de bylden. Fierders is ferslachjouwer Wendy Kennedy op ‘en paad om de mieningen fan de taskôgers te peilen en de sfear yn de stêd te priuwen. Dêrneist wurdt it hiele wykein in liveblog byholden fan de situaasje yn de stêd, de lêste updates oer it ferkear en de sfear.

Maarten van der Weijden
De meunsterswimtocht fan Maarten van der Weijden by alle alve stêden lâns is by Omrop Fryslân te folgjen fia in 360 graden livestream. Dy wurdt yn gearwurking mei de NOS makke. Maarten en de folchswimmers binne dêr de folsleine swimtocht op te folgjen. De livestream is te finen yn de Omrop-app en fia Omropfryslan.nl. Fan de start op 18 augustus om 04.30 oere oant de finish op 20 augustus.

augustus 15, 2018 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.