Lunsjlêzing Peter Karstkarel: ‘Grêfkultuer yn Fryslân’

augustus 12, 2018 09:19

Eltse tredde tongersdei fan de moanne organisearje Tresoar en De Culturele Onderneming in lunsjlêzing yn Ljouwert. Kom yn ’e kunde mei allerhande nijsgjirrige ûntwikkelingen en ûndersiken fan universiteiten, hegeskoallen en oare organisaasjes yn Fryslân.

Peter Karstkarel (foto: Tresoar)

Op 16 augustus wurdt de lêzing jûn troch Peter Karstkarel. It ûnderwerp fan de lêzing is ‘Grêfkultuer yn Fryslân’. De lêzing wurdt yn it Hollânsk jûn.

Programma
12.00 ynrin
12.30 lêzing
13.15 fragen
13.30 ein
Reservearje

Graach reservearje op: info@tresoar.frl / 058 – 7890740 / 058 – 7890792. De lêzing is fergees. Gebrûk meitsje fan de lunsj (twa broadsjes + ien konsumpsje foar € 3,00)? Dan dat graach apart fermelde.

augustus 12, 2018 09:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.