Lotgenoatekontakt yn Ljouwert by eangst- en twangklachten
Resint ferskynd
Op tiisdei 4 septimber set de Eangst-, Twang- en Fobystifting yn Ljouwert útein mei in lotgenoategroep foar minsken mei eangst- en twangklachten. De groep komt fiif jûnen gear, ien kear yn ’e moanne en wurdt begelaat troch trainde ûnderfiningsdeskundigen.
Gefoelens fan eangst en twang kinne it libben fan minsken behoarlik ûntregelje. Miskien binne se bang om de dyk op te gean, hawwe se smetfreze of rinne se einleas te pikerjen. Se binne perfoarst net allinnich. It kin harren tige ferromje om deroar te praten mei oare minsken dy’t begripe wat se fiele.
Lês hjir ûnderfinings fan dielnimmers.
Ynformaasje en oanmelde: www.adfstichting.nl/lotgenotencontact, telefoan 0343 – 521031 of lotgenotencontact@adfstichting.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje