Ljouwerter jongerein belutsen by lokale polityk

augustus 4, 2018 08:05

It stedhûs fan Ljouwert (foto: HCL)

Yn it oankommend skoaljier komt de jongerein op Ljouwerter skoallen yn in omgong fan tsien projektdagen alles te witten oer de lokale polityk. Harren politike kennis en bewustwurding wurdt opskerpe mei it projekt Tienskip, begûn troch fjouwer studinten dy’t de Fryske teenager graach syn stim jouwe yn de mienskip. Foar it projekt krije de inisjatyfnimmers € 1.600,- út it Iepen Mienskipsfûns. De folsleine kosten binne € 4.000,-

Boppeboulearlingen fan ûnder oare Piter Jelles Montessori en Piter Jelles Impulse wurde yn tsien projektdagen oan it tinken en oan it wurk set op it mêd fan boargerpartisipaasje, demokrasy en it belang fan de eigen stim foar de direkte krite dêr’t se yn wenje. De jongerepartijen fan Ljouwert, ferskate jonge frijwilligers, in team fan eksperts, partijfraksjes en gemeenteriedsleden ferliene dêr harren meiwurking oan.
De iepening fan it projektjier fan Tienskip wurdt noch oankundige. Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert sil dêr de ôftraap by jaan.

Mear ynformaasje en it lêste nijs is te finen fia de Facebook-pagina fan it inisjatyf: www.facebook.com/Tienskip.

Iepen Mienskipsfûns
It projekt Tienskip is ien fan de 31 projekten yn de regio Noardwestlik Fryslân, dy’t subsydzje kriget út it IMF, dat ynset op de leefberens fan de regio.

Nije oanfragen
Inisjatyfrike Friezen kinne fan 17 septimber oant en mei 12 oktober 2018 wer subsydzje oanfreegje út it IMF. Betingst is in goed projektidee foar it ophelpen fan de leefberens yn harren wyk, doarp of stêd. Sjoch foar mear ynformaasje oer it IMF en it oanfreegjen fan subsydzje op www.streekwurk.frl/imf.

Yn it taheaksel Projecten 2e subsidieronde Iepen Mienskipsfûns 2018 is in beskriuwing te finen fan de projekten yn Noardwest Fryslân dy’t yn ‘e twadde subsydzjeronde fan it Iepen Mienskipsfûns 2018 in posityf advys krigen.
augustus 4, 2018 08:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.