Listlûker Belgyske islampartij driget frou te slachtsjen

augustus 31, 2018 22:12

It logo fan Parti Islam

“Ik sil jo slachtsje as in halalskiep” en “Ik sil jo flugger stiennigje as jo tinke”. Dy wurden, rjochte oan in ynwenster fan Brussel, binne skreaun troch Philippe Latteur, de listlûker yn Sint-Lambrechts-Woluwe fan Parti Islam, in radikaal-islamityske partij dy’t yn België de sjaria ynfiere wol.

Plannen om de deastraf yn te fieren, manlju en froulju yn it iepenbier faninoar te skieden en de lotto te ferbieden hawwe yn België in protte fernuvering en soarch oproppen. Dat gou ek foar de dielname fan partijfoarsitter Redouane Ahrouch oan it praatprogramma. Hy wegere om him sjmynke te litten troch in frou, joech de froulju gjin hân en woe net streekrjocht mei presintatrise Emmanuelle Praet prate.

De frou tsjin wa’t Latteur sei dat er har slachtsje en stiennigje soe, hie op it webstee fan de liberale Frânsktalige partij MR skreaun dat Latteur wolris it earste slachtoffer wurde koe, as syn partij de sjaria ynfiere soe.

Parti Islam hat yn 32 Belgyske gemeenten in ôfdieling en is yn twa Brusselske gemeenterieden fertsjintwurdige. Dat binne beide gemeenten dêr’t de mearderheid fan ‘e ynwenners út moslims bestiet. Neffens wurdfierder Lhoucine Aït Jeddig sil de partij de kommende jierren hurd waakse, mei’t foarsein wurdt dat it persintaazje moslims yn ‘e Belgyske befolking fluch tanimt. Yn 2030 wurdt ferwachte dat de mearderheid fan ’e ynwenners fan Brussel moslim is. Foarsitter Ahrouch seit dat it dêrom tûk is om op syn partij te stimmen, om’t dy in ridlik alternatyf foar net-moslims wêze soe: “Tsjin 2030 sil Brussel foaral út moslims bestean en wat wolle jo dan? Ien dy’t bemiddelet of in ekstremist?”

De Flaamske N-VA en fjouwer Frânsktalige partijen wolle fia de rjochter ôftwinge dat Parti Islam ferbean wurdt. Op it stuit wol net ien oare partij mei Parti Islam gearwurkje. De partij is fan doel om yn oktober yn tsientallen gemeenten oan ’e gemeenteriedsferkiezings mei te dwaan.

augustus 31, 2018 22:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.