Lêzing: ‘Fryske adel: oars as oars’

augustus 23, 2018 10:31

Op tongersdeitejûn 30 augustus is der yn Beetstersweach in lêzing ‘Fryske adel: oars as oars’. Sprekker is Bearn Bilker, boargemaster fan Kollumerlân en foarsitter fan de Stifting Staten en Stinzen.

Harinxmastate yn Beetstersweach (foto: Cultbee)

Oan ’e hân fan in tal foarbylden fan famyljes, ûnder oare de Harinxma’s, de Sytzama’s, de Heemstra’s en de Lyclama’s, sil er fertelle oer de typyske trekken fan de Fryske adel. Yn Fryslân wie in protte adel. Hast alle doarpen hiene wol sa’n geslacht op in state. Wiene de Fryske adellike famyljes oars as adel earne oars yn it lân of yn it bûtenlân? Hoe is de adel ûntstien en hoe is it harren fergien?

It is de njoggende fan in searje lêzingen troch promininte sprekkers op de tongersdeitejûn by de Tinco Lycklama-ústalling Een Friese jonker in de Oriënt, dy’t oant 23 septimber yn Beetstersweach te sjen is. Dêr wurdt it bysûndere ferhaal ferteld fan in hast fergetten adelike Fries, dy’t opgroeide yn Beetstersweach en as jonge man goed trije jier troch de Oriïnt reizge. De lêzings wurde hast alle wiken holden. Underwerpen binne ûnder oare: it Oriïntalisme; Tinco yn de stêd fan de Perzen; Tinco yn Syrië; en de Fryske adel. Sjoch foar it folsleine programma www.historischbeetsterzwaag.nl/lezingen.

De lokaasje is yn it steatlike Lycklamahûs, it bertehûs fan Tinco, dêr’t ûnder oare skildere portretten hingje fan de âlden fan Tinco. Bûten de lêzings om is it gebou net tagonklik foar it publyk. De lêzings wurde organisearre troch Historisch Beetsterzwaag yn gearwurking mei Cultbee yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.

Klik hjir foar de dokumintêre fan Omrop Fryslân.

Lokaasje: Lycklamahûs, Haadstrjitte 80, 9244 CP  Beetstersweach
Datum: tongersdeitejûn 23 augustus 2018
Tiidstip: 20.00 oere, ûntfangst fan 19.30 oere ôf
Yntree: fiif euro. Oanret wurdt om kaarten te reservearjen.

Kaartferkeap: Foarferkeap oan de kassa fan de Tinco-útstalling en online mei taslach fia www.historischbeetsterzwaag.nl en op de jûn sels ek by de kassa oan de seal.

augustus 23, 2018 10:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.