Langeôfstânsswimmer traint mei wethâlder

augustus 13, 2018 09:08

De iene Maarten is de oare net

Op 18 augustus set langeôfstânsswimmer Maarten van der Weijden útein mei de bysûnderste swimtocht fan syn libben: yn trije dagen it trajekt fan de klassike Alvestêdetocht, oer de twahûndert kilometer.

Maarten van der Weijden (foto: Mar-athon Snits)

Moandei 13 augustus is Maarten al yn Warkum foar in beskieden training. As in lytse opwaarming swimt er dan tegearre mei wethâlder Maarten Offinga fan Súdwest-Fryslân fan Warkum yn de rjochting fan De Fluezen, oer in ôfstân fan inkelde kilometers.

Foar de oare Maarten, de wethâlder, wurdt it in bysûnder wykein. Hy swimt sneon 18 en snein 19 augustus twa kilometer mei yn elts fan de seis stêden fan Súdwest-Fryslân. Op moandei 20 augustus leit er ek twa kilometer ôf yn Dokkum. Faaks dat er ek noch yn Frjentsjer en Ljouwert meiswimt.

De beide swimmers sille moandei om 10.15 oere hinne yn Warkum te wetter by Mouterij 3 en swimme dan ûnder de ophelbrêge yn de Algerabuorren yn de rjochting fan de feart neist de Trekwei, om dêrnei ûnder it fiadukt yn de Sudergoawei troch nei de Lange Fliet te swimmen.

augustus 13, 2018 09:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.