Kuorbal populêrste sport yn Fryslân

augustus 28, 2018 08:22

Fan alle sporten is kuorbal it populêrst ûnder Friezen. Dat blykt út buroûndersyk fan online warehûs beslist.nl, dat neigie yn hoefier dat sportprestaasjes fan Nederlânske profsporters ynfloed hawwe op lidmaatskippen by sportferieningen. De populariteit fan ferskillende sporten op provinsjaal nivo waard ek ûnder de loep nommen.

Foto: Wikipedia/Yuanga – lisinsje CC BY-SA 3.0

Fryslân kuorbalprovinsje
As in soad minsken yn in regio deselde sport beoefenje, dogge de omkriten mei. De populariteit fan in sport ferskilt dan ek regio foar regio. Dat is goed te sjen yn it ûndersyk. Yn ferhâlding ta fan oare provinsjes is yn Fryslân kuorbal it populêrst. Yn Grinslân is dat judo en yn Drinte is hynstesport.

Autosport en hânbal populêr troch sukses
Fans fan autosport en hânbal wiene lang net bedoarn mei oansprekkende Nederlânske suksessen. Oant de Nederlânske hânbalfroulju – mei Tess Wester op doel – en Max Verstappen as autokoereur harren ynienen yn de striid om de grutte prizen mongen. Dy wûnen dêr net allinnich bekers en medaljes mei, mar se rôpen ek in ho ta oan de sakjende ledesifers by hânbal- en autosportferieningen.

Sûnt it debút fan Max Verstappen is it tal leden aardich tanommen. It sukses fan de hânbalfroulju, op it EK yn 2016, hat ek foar in stimulâns soarge yn it tal ynskriuwingen. Mei tank oan resinte suksessen fan de fuotbalfroulju wurdt itselde effekt yn de wrâld fan frouljusfuotbal ferwachte foar 2018. By ûnder mear tennis en follybal, dêr’t de ôfrûne jierren net folle ynternasjonale suksessen behelle waarden, waard de delgeande line krekt net trochbrutsen.

Alle ûndersyksresultaten, ynklusyf de populêrste sporten de provinsje, binne werom te finen op www.beslist.nl/info/sportsuccessen.html.

augustus 28, 2018 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.