Klassike toppers en flugge mannen oan start BinckBank Tour

augustus 8, 2018 15:45

Yn it Limboarchske Venray is woansdei de fjirtjinde edysje fan de BinckBank Tour bekendmakke. Mei kleppers as Greg Van Avermaet, Yves Lampaert en twafâldich einwinner Tim Wellens sille de Belgen perfoarst net in byrol spylje yn de iennige UCI WorldTour-wielerronde van de Lage Landen. Nederlân kin rekkenje op Niki Terpstra en de rappe fuotten fan Dylan Groenewegen en Fabio Jakobsen. Ynternasjonale toppers oan de start binne ûnder oaren Marcel Kittel en Michael Valgren Andersen.

De BinckBank Tour set moandei 13 augustus útein mei in flakke rit fan It Hearrenfean nei Boalsert. Yn Antwerpen (15 augustus), Ardooie (16 augustus) en Lanaken (17 augustus) krije de rappe mannen nei alle gedachten ek in kâns om te skoaren. De sprinters tekenje dan ek massaal presint yn de BinckBank Tour. Marcel Kittel wie earder al de sprintkening fan it peloton mei yn totaal njoggentjin ritoerwinningen yn Tour, Giro en Vuelta. Mar de Dútser mei takomme wike rekken hâlde mei stevige konkurrinsje út Nederlânske hoeke. Dylan Groenewegen hat no ek al trije ritoerwinningen yn de Tour de France op syn namme stean en de noch mar 21-jierrige Fabio Jakobsen is dé sprintrevelaasje fan 2018 mei winst yn Nokere Koerse en de Skeldepriis. Oare rappe mannen om nei út te sjen binne ûnder oaren de Australiër Caleb Ewan en de Ier Sam Bennett. Edward Theuns, Jens Debusschere, Timothy Dupont en Jasper Stuyven heare by de rapste Belgen yn it 161-koppige dielnimmersfjid.

Stuyven is in man foar alle terreinen. Ferline jier wûn er nei in knappe solo de slotrit op de Vesten yn Geraardsbergen. Dit jier, op snein 19 augustus, is Geraardsbergen ek it dekôr foar wat fêst opnij in tige spannende einetappe wurdt. “It unike oan de BinckBank Tour is dat it in rittekoers is mei in parkoers op maat fan hurdfytsers dy’t sterk binne yn it klassike iendeiswurk”, leit koersdirekteur Rob Discart út. “Yn 2014, 2015 en 2017 foel it einklassemint hieltyd op syn plak yn in Ardennerit. Dit jier hawwe wy der bewust foar keazen om dy wei te litten om sa noch mear opsjes te bieden oan de spesjalisten fan it klassike wurk sjenre Omgong fan Flaanderen, Parys-Roubaix en Amstel Gold Race. In unyk konsept yn de UCI WorldTour! Boppedat sil de Binck Gouden Kilometer – dêr’t yn elke rit njoggen bonussekonden te by fertsjinjen binne mei in trijedûbele tuskensprint yn de slotfaze – op dy wize in nóch wichtiger rol spylje yn it einklassemint.”

Yn de einrit nei Geraardsbergen, dêr’t de hurdfytsers ek de ferneamde Muur by op moatte, leit de Binck Gouden Kilometer op de stiennen fan de Bosberg. In aas dus foar kasseiespesjalisten as Jasper Stuyven, Greg Van Avermaet (winner Parys-Roubaix 2017), Niki Terpstra (winner Omgong fan Flaanderen 2018), Sep Vanmarcke, Oliver Naesen en Sebastian Langeveld. Tim Wellens en de Deen Michael Valgren Andersen (winner Amstel Gold Race 2018) meie wy dêr ek ferwachtsje, mar faaks noch mear de deis dêrfoar yn de rit nei Sittard-Geleen (18 augustus), dêr’t sy taslaan kinne op de Limboarchske hichten. De tiidrit yn Venray op 14 augustus is dan wer de dreamde kâns foar Lars Boom, Jos Van Emden, Dylan Van Baarle, Yves Lampaert en Victor Campenaerts om har yn de liederstrui te riden en dy wa wit nea wer ôf te stean…

Koartsein, favoriten foar de einoerwinning genôch! En dan hawwe wy it noch net oer Tom-Jelte Slagter, de Tsjech Zdenek Stybar, de Switser Stefan Küng, de Poal Maciej Bodnar, de Italiaan Diego Ulissi, de Australiërs Mathew Hayman en Luke Durbridge en de sterke Denen Magnus Cort Nielsen, Soren Kragh Andersen en Mads Pedersen (twadde yn de Omgong fan Flaanderen 2018) hân. De BinckBank Tour 2018, mei tolve fytsers út de top-50 fan de UCI WorldTour-ranking oan de start, foarseit ien fan de iepenste en spannendste ritkoersen fan it jier te wurden. De ploegepresintaasje fan de 14de edysje fan de BinckBank Tour is snein 12 augustus yn Boalsert. De fytsers sille tusken 17 en 19 oere yn iepen boatsjes oer de greften farre en oan it publyk foarsteld wurde.

augustus 8, 2018 15:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.